SC Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin Telstar mei 1-0

© AWfoto
SC Hearrenfean hat woansdei in oefenwedstriid mei 1-0 wûn fan Telstar. Opfallende namme by de Fryske ploech wy de Japanske oanwinst Yuki Kobayashi. Hearrenfean hie yn it begjin de oerhân, mar dit resultearre net yn in soad kânsen.
Uteinlik skoarde Henk Veerman nei 17 minuten de 1-0, troch de bal knap yn te koppen. Nettsjinsteande twa grutte kânsen foar Simon Thern en ien foar Arber Zeneli bliuw de stân by rêst 1-0. Yn de twadde helte barde der net in soad. Hearrenfean wiksele spilers, mar koe net folle úthelje. De einstân waard dan ek 1-0.