Kollum: "Omroppe en raze"

31 aug 2016 - 16:09
  • Klaas Geert Bakker

Klaas Geert Bakker is haadredakteur fan Omrop Fryslân en dêrmei einferantwurdlik foar alles wat de Omrop publisearret. Sa no en dan skriuwt hy oer ûntwikkelingen by de Omrop en yn de sjoernalistyk.

"Miskien hawwe jo it meikrigen, der is gedoch oer de regionale omroppen. De ûndernimmingsrieden fan fiif dêrfan hawwe in iepen brief skreaun oan steatssekretaris Dekker mei de oprop syn wetsfoarstel oer de regionale omroppen wól yn te tsjinjen. Dekker wol dat nammentlik allinnich mar dwaan as dat wetsfoarstel troch in grutte mearderheid fan de omroppen droegen wurdt, en in grutte mearderheid (acht fan de trettjin) docht dat net.

Oer de ynhâld fan it wetsfoarstel wol ik it net hawwe, wol oer de wize fan aksje fieren fan de fiif omroppen (RTV Noord, RTV Noord-Holland, RTV Rijnmond, RTV Utrecht en Omroep Flevoland). Want aksjefieren is it. Sy skriuwe harren iepen brief sûnder dêrfan de kollega-omroppen op de hichte te stellen. Wylst wy mei trettjin omroppen mei-inoar omgean. Dat is net echt sjyk. Fierder beskuldigje sy de oare acht omroppen (en dus ek Omrop Fryslân) derfan net gearwurkje te wollen. En fan ûnbetrouberens. Mei sokke freonen hast gjin fijannen nedich.

By Omrop Fryslân binne we gelokkich mei hiel oare dingen dwaande, mei ús takomst. Wylst ik dit skriuw, wurdt der hurd wurke oan ús nije telefyzjedekôr. Fan 12 septimber ôf komt der in folslein nije telefyzjeprogrammearring. Fierders dogge we it mear as treflik op ús websides, apps en social mediakanalen en is ús merkoandiel radio yn in jier omheech gong mei hast 70 prosint. Us wichtichste doel is en bliuwt om programma’s en content te meitsjen dy’t der ta dogge en troch jo, ús publyk, wurdearre wurde. Want jo hawwe gjin boadskip oan alle ynterne perikels fan de Omrop en oare omroppen. Jo sjogge en harkje as wat wy meitsje jo oansprekt. Dêr dogge we it foar, wy binne fan Fryslân (en Fryslân is fan ús). En dêr bliuwe wy foar gean, no en yn de takomst. En oh ja, dêrby wurkje we graach gear mei oaren dêr’t dat in mearwearde opsmyt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)