SC Cambuur en VVV skoare net

10 maaie 2012 - 23:39

De earste playoffwedstriid tusken Sportklup Cambuur en VVV Venlo hat gjin winner opsmiten. Beide ploegen krigen wol kânsen, mar kamen net ta skoaren. Cambuur begûn mei in protte enerzjy oan de wedstriid en nei trije minuten kaam Martijn Barto op de doelline krekt te let om de 1-0 te meitsjen. Ek Erik Bakker wie mei in skot op de latte tichtby de iepeningstreffer.

Nei it skoft spilen beide ploegen behâldender. VVV skoarde hast fia Berghuis (peal) en Maguire (rêding Bizot) mar it bleau by 0-0. Snein is yn Venlo de return.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)