Balk ferwachtet tiisdei earste groep asylsikers

31 aug 2016 - 15:54

It asylsikerssintrum yn Balk ferwachtet kommende tiisdei syn earste bewenners. It giet om in groep fan sa'n 25 minsken. Se wurde ferwolkomme troch boargemaster Fred Veenstra. Yn de dagen dêrnei folgje mear groepen fan sa'n 25 minsken per dei.

Doel is dat der yn earste ynstânsje 100 minsken yn it azc yn Balk opfong wurde. Dat oantal kin letter útwreide wurde nei op syn meast 500 minsken. De komst fan de asylsikers wie al earder pland, mar moast útsteld wurde omdat der wat mis wie mei de wetterliedingen yn it gebou.

Trefwurden: 
asylsikers AZC Balk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)