Mingde gefoelens oer Turn EK

Bûnscoach Gerben Wiersma hat mingde gefoelens nei de kwalifikaasjewedstryd tongersdei by de Europeeske Turnkampioenskippen yn Brussel. Syn kwartet Céline van Gerner, Wyomi Masela, Joy Goedkoop en Lisa Top slagge der net yn de lannefinale te berikken.
Foar de earste twa wiene der wol individuele suksessen: Masela helle in finaleplak op sprong, Van Gerner op brêge. Sy toande ek foarmbehâld op de balke, wat nedich is foar pleatsing foar de Olympyske Spelen. Van Gerner en Masela komme snein wer yn aksje.