Kandidaat-wethâlders Achtkarspelen bekend

31 aug 2016 - 12:31

It nije kolleezje fan Achtkarspelen krijt twa CDA-wethâlders, ien fan de ChristenUnie en ien fan de PvdA. Dat ha de trije partijen woansdei bekend makke. By de PvdA giet it om Gerda Postma, dy't ek yn it âlde kolleezje siet. Dat knapte yn july, omdat in mearderheid fan de partijen it fertrouwen opsei.

It CDA skoot Harjan Bruining en Jouke Spoelstra nei foarren, de ChristenUnie Klaas Antuma. It giet noch om kandidaat-wethâlders, tongersdeitejûn bepaalt de gemeenteried oft se ek echt beneamd wurde.

It âlde kolleezje hie trije wethâlders, it nije krijt der fjouwer. De trije partijen kieze dêr bewust foar. Se wize der op dat de kosten foar de gemeente net omheech gean, omdat de nije wethâlders yn dieltiid wurkje sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)