Lanlike organisaasje regionale omroppen stiet faai

31 aug 2016 - 12:24

Direkteur Jan Koster fynt it spitich dat de regionale omroppen net mear op ien line sitte foar de foarming fan ien lanlike organisaasje. Tiisdei waard bekend dat de foarming fan sa'n organisaasje faai stiet.

Steatssekretaris Dekker hie mei de omroppen ôfpraat dat de taken fan de regionale omroppen per omrop yn de media wet ferankere wurde soene. De Ried fan Steat hat lykwols útsprutsen dat dit net kin en dat dit by ien lanlike organisaasje dellein wurde moat. Acht regionale omroppen, werûnder Omrop Fryslân, binne it hjir net mei iens.

Dy omroppen binne benaud dat hjirtroch de redaksjonele ûnôfhinklikheid yn 'e knipe komt. Fiif oare omroppen fine dat Dekker syn plannen trochsette moat. Freed komt Dekker mei syn definitive stânpunt nei bûten. Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân wachtet it beslút fan de steatssekretaris ôf foardat hy mei in stânpunt nei bûten komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)