Fleantúchwrak Iselmar is in Vickers Wellington

31 aug 2016 - 11:16

It fleantúchwrak yn de Iselmar is yndied in Vickers Wellington. It fleantúch dat yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte leit yn 1000 stikken ferspraat op de boaiem. Der binne oant no ta fjouwer bommen fan 500 pûn, patroanen fan boardwapens en in pistoal fûn. In diel fan de mar is drûchlein om by it wrak, dêr't mooglik stoflike omskotten fan de bemanning lizze, komme te kinnen.

Trefwurden: 
fleantúchwrak Iselmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)