Jonge bestjoerder wurdt twa kear pakt mei tefolle drank

© ANP XTRA
In 20-jierrige drankrider út de gemeente Littenseradiel is yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa kear oanhâlden troch de plysje yn Ljouwert. De man rekke syn rydbewiis kwyt nei't hy op de Oostergowei yn Ljouwert oanhâlden wie foar it riden mei drank op.
De begjinnende bestjoerder wie yn it ferline al twa kear earder foar itselde fergryp oppakt. Syn rydbewiis waard ynaam en hy krige in rydferbod foar njoggen oeren. Nettsjinsteande it rydferbod waard de dôfhûdige bestjoerder efkes letter dochs wer achter it stjoer oantroffen.
Hy naaide mei hege snelheid út. Nei in efterfolging stapte hy by syn hûs út en flechte de wenning yn. Hy waard opnij oanhâlden en misledige dêrby de plysjes. De man is meinaam nei it buro en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.