Drankrider yn Ljouwert oanhâlden

31 aug 2016 - 10:06

In 48-jierrige drankrider út Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei syn rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen de man riden yn it fuotgongersgebiet op it Ruterkertier en hâlden de man oan. Al gau die bliken dat de man mei drank op achter it stjoer siet. De man krige in rydferbod fan acht oeren en hy moat him meikoarten foar de plysjerjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
drankrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)