NOM: ekonomy noarden krêftich

10 maaie 2012 - 19:49

Ek yn in tiid fan krisis is de noardlike ekonomy krêftich. Dat seit direkteur Siem Jansen fan de NOM, de ynvestearings- en ûntwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân. Hy sei dat by de presintaasje fan de jiersifers fan syn organisaasje.

De NOM hat it ôfrûne jier kontakt hân mei 4.000 bedriuwen yn it Noarden. Sektoaren as de bou en de middenstân dogge it ek hjir net goed, mar dêrtsjinoer stiet dat de produksjebedriuwen wol goed prestearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)