Kollum: "Pisje. En jild"

31 aug 2016 - 08:54

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke's Weblok

“Skylge is de meast hufterige gemeente fan Nederlân. Sizze de media. Ja, simmers is der gjin nijs en dan wurde sokke statistyske listjes ynienen grut nijs. Wylst se meast ek noch fan in jier as twa lyn binne, en dus yn elts gefal net relevant. Skylge is net de meast hufterige gemeente. Op Skylge ha de plysjes lykwols net sa folle te dwaan en dus smite se wylde pissers mar op de bon. Eins fine se it net sa slim dat ris ien tsjin in beamke oanstiet, en de pissers komme echt net yn de cranberry-fjilden, mar dy plysjes moat wol safolle bonnen ynleverje sadat se de simmers dêrnei ek wer stastjonearre wurde kinne op Skylge. De oare eilannen hoege simmers nea ekstra plysje, dus dy sette ek noait in wylde pisser op de bon, of se moat it al tsjin it plysjeburo oan dwaan.
De fergelikingen yn dat soarte listjes gean ek altyd mank fansels. Littenseradiel skynt gjin hufterige gemeente te wêzen. Mar miskien ha se de plysje dêr wol ferbean om wylde pissers op de bon te slingerjen. Allemachtich sa’t dêr massaal en wyld pisse wurdt mei de doarpsfeesten. En as dan bygelyks op in merkedei yn in lyts plak, sis mar Húns, mei it doarpsfeest trije wylde pissers opskreaun wurde, soe Húns mei foarsprong it meast hufterige plak fan Nederlân wêze, om’t dêr mar 100 lju wenje, dat is dus in heech persintaazje. En dan moat Ljouwert him djip skamje dat it sa heech op de hufterlist stiet. Dêr pisje se blykber alle jûnen de hiele Bonke fol.
Wit jimme wat echt hufterige gemeenten binne? Dat bin gemeenten dy’t prekariorjochten ynbarre. Ja, dat moat ik efkes útlizze. Ik hie der mei dy listjes allegear ek wol oan, wat bin prekariorjochten no ek al wer. Nee, prekario is gjin jild foar wat wyldpisjen yn de feart. Prekario is in wyld wurd foar belesting. ’Voor het gebruik van openbare grond’. No is dy grûn ek wer net folslein iepenbier, want de gemeente seit dat it harren grûn is, al wenje wy der allegearre. Yn dy grûn lizze liedingen. Foar wetter, gas, elektrysk, telefyzje, molke, bagger, telefoan, glêsfezel en wit ik net wat. Dy wurde oanlein troch sis mar de nutsbedriuwen. Mar dy dogge dat net mear ta ús nut, dy wolle inkeld sinten ha. En dy helje se fansels by ús wei. Omdat sy de grûn hiere moatte, moatte wy de man 40/50 euro betelje. Prekario. Utsein moat ik sizze, de wetterlieding. Dy freget gjin sinten. En dy losse in steuring krekt as juster yn Jorwert sa gau mooglik op sûnder te âldehoeren.
Dy oaren krije wol jild. En dêr gean se op sitten. Want it blykt dat der mar fiif hufterige gemeenten yn Fryslân binne dy’t hier freegje foar gebrûk fan de grûn dy’t fan ús allegearre is. It Hearrenfean krijt sa’n trije miljoen per jier, Súdwest-Fryslân 2,5, de Stellingwerven en it Mansfjild krije wat minder fansels. Dat jild leverje wy, alle Friezen, ek al wenje we dêr net. It jild wurdt miskien brûkt foar algemien belang, dus ek foar ús, mar dat witte we net. De oare hufters freegje gjin hier. Te lui. Mar ek wol wer aardich, want as se dat al dwaan soene, soene de enerzjybedriuwen daliks de prekario wer ferheegje. Want hoe dan ek, it jild moat by ús weikomme.
Mar wat my it measte steurt is dat it in te yngewikkeld en te fariabel gedoch fan de gemeenten is. Dêrtroch kin it wêze dat in Ljouwerter gâns minder prekario betellet as in Hearrenfeanster. Ik wit wol, it bin foar de measten marzjinale bedragen oer in hiel jier, mar ik kin ek genôch minsken dy’t der gâns muoite mei ha. De polityk begjint no wer, se ha lang genôch de boerkiny oan hân. De gemeenten yn Fryslân moatte as aller-allerearste nei de fakânsje mei-inoar ien belied op tou sette, dat foar elke ynwenner fan Fryslân gelyk is. Ek dat elke gemeente yn ferhâlding itselde fertsjinnet. En dat soe bêst wat minder wêze kinne, want wy betelje it. En ja fansels: eins is it in nasjonaal ferhaal. Mar gean as Fryslân no ris in kear foarop. Toe. Dan bin de gemeenten ek net mear hufterich.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)