Auto tsjin fangrail op de A6

© De Vries Media
By in ûngelok op de A6 tusken De Jouwer en Sint Nyk is tiisdeitejûn in automobilist ferwûne rekke. De man ferlear troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer en botste tsjin de fangrail. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Fanwege it ûngelok is ien rydstrook tydlik ôfsletten.