Sânhûndert studinten skowe oan foar diner yn 't wyt

30 aug 2016 - 22:01

De Rengerstún yn Ljouwert kleure tiisdeitejûn hielendal wyt troch sânhûndert studinten fan de Stenden Hegeskoalle. Sy skoden oan foar in trijegongediner en wiene allegearre yn it wyt klaaid.

It diner fan Stenden Hegeskoalle is nei in Frânsk foarbyld. Under de namme diner-en-blanc is it in grutte raazje om yn hiel grutte groepen mei-inoar te iten, allegearre yn it wyt. It diner yn Ljouwert wie ûnderdiel fan de yntroduksjewike foar nije studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)