Talant praat mei kliïnten, famylje en meiwurkers oer soarch

30 aug 2016 - 21:20

Kliïnten fan Talant, harren famylje en meiwurkers hawwe de ôfrûne wike yn fjouwer temabyienkomsten praten oer de takomst fan de soarch. Dêrút waard dúdlik dat kliïnten foaral goede húsfesting en in eigen plakje hiel belangryk fine.

Meiwurkers wolle graach echte oandacht jaan kinne en famylje fan kliïnten wol foaral dat harren famyljeleden serieus naam wurde. Talant sil dizze ynbring brûke om de soarch te ferbetterjen en fêstlizze yn de beliedsplannen foar de kommende jierren.

De ôfrûne dagen wiene der byienkomsten yn Ljouwert, Drachten en op It Hearrenfean. Tiisdeitejûn is yn Boalsert de lêste fan de fjouwer byienkomsten hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)