Ynwenners Nij Beets net gerêst op proefboarring nei gas

30 aug 2016 - 21:01

Ynwenners fan Nij Beets meitsje harren grutte soargen oer de plannen fan Vermilion foar it boarjen nei gas by it doarp. It bedriuw wol flakby it Kenningsdjip in proefboarring dwaan en hat dêrfoar in fergunning oanfrege by de gemeente.

Opsterlân moat meikoarten in beslút nimme oer de boarring. In groep ûngerêste ynwenners hat dêrom in brief stjoerd oan it kolleezje. Deryn trúnje se oan op neier ûndersyk nei de gefolgen fan de boarring. De ynwenners meitsje harren soargen oer mooglike fersakking trochdat der by it doarp ek al sân wûn wurdt.

Kommende tiisdei wurdt der tegearre mei de aksjegroep Laat Fryslân niet zakken aksje fierd by it gemeentehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)