Wat is jo plan foar Nederlân? Pimp de troanrede

© ANP
Wat moat der neffens jo yn de troanrede stean? Oer twa wiken lêst kening Willem-Alexander de regearingsplannen foar it kommende jier wer foar op Prinsjesdei. Mar wa't fynt dat it hiel oars moat, kin meidwaan oan Pimp de Troonrede. De bêste plannen wurde sammele en de winner krijt de kâns om oer dy plannen yn petear te gean mei de Twadde Keamer.
De alternative troanrede moat passe yn 350 wurden of yn in fideoboadskip fan oardel minút en moat foar 8 septimber binnen wêze. De ynstjoeringen wurde beoardiele troch in profesjonele sjuery.
De makkers fan de bêste trije ynstjoeringen meie harren foarstel presintearje by it Prinsjesfestival. De finale fan Pimp de Troonrde is op moandei 19 septimber yn Studio Dudok yn Den Haag. Behalve de sjuery, kiest it publyk ek in favoryt. De sjuery bestiet út Frans Weisglas ( (âld-Keamerfoarsitter), Erica Meijers (haadredakteur De Helling), Walter Freeman (Nederlands Debat Instituut) en Jo-Annes de Bat, deputearre yn de provinsje Seelân.
VIP-rûnlieding
De skriuwer fan de bêste troanrede krijt in VIP-rûnlieding troch de Twadde Keamer en mei by ferskillende politike partijen it plan taljochtsje.