Fan dakleazen nei studinten: De Terp is yn trek

30 aug 2016 - 17:08

Fan dakleaze-opfang nei studintehúsfêsting: De Terp yn Ljouwert wurdt al hielendal bewenne troch studinten nei in yngreven ferbouwing. De namme is feroare, it gebou hjit no Windmill Campus. En ek al is it stúdzjejier kwealik begûn, alle keamers binne al ferhierd.

It is in populêr wenplak, want it leit flakby de hegeskoallen. Om it geskikt te meitsjen foar studintehúsfêsting is it oantal romten fan 180 nei 130 werombrocht. Se fariearje fan 20 oant 40 kante meter.

Op it stuit stean der 80 belangstellenden op de wachtlist, sa seit behearder Piet Westra. De keamers hawwe in eigen keuken en badkeamer en yn it gebou is in romte foar de wask en sels in stúdzjeseal.

Erwin de Jong wie ien fan de earsten yn it nije studintekompleks. Hy wennet der sûnt febrewaris. "It is lekker tichtby skoalle, lekker in eigen plakje. Ik woe net yn in studintehûs mei allegear oare minsken de badkeamer diele, dus ik fûn dit wol in moai plakje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)