Eaststellingwerf stekt jild yn duorsume ekonomy

30 aug 2016 - 16:46

Eaststellingwerf stekt de kommende fjouwer jier seis ton yn duorsume ekonomy yn de gemeente. It jild is bedoeld om fyftich griene projekten fan de grûn te krijen. Dan giet it bygelyks om de realisaasje fan griene fakânsje-akkommodaasjes of in bosk mei fruitbeammen en poddestuollen.

De gemeente rjochtet him op it stypjen fan de projekten, it opsetten wurdt dien troch bedriuwen en oare organisaasjes dy't har ynsette wolle foar in duorsume ekonomy yn Eaststellingwerf. Skoallen wurde der ek by belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)