SC Hearrenfean hiert Shay Facey fan Manchester City

30 aug 2016 - 16:11

SC Hearrenfean hat him fersterke mei de Ingelsman Shay Facey. De 21-jierrige sintrale ferdigener wurdt foar de rest fan it seizoen hierd fan Manchester City. Earder spile Facey foar New York City en Rotherham United op it twadde nivo yn Ingelân.

Fuotballer Jordens Peeters komt definityf net oer fan Willem II. Hearrenfean woe de sintrale ferdigener graach oernimme, mar neffens technysk direkteur Gerry Hamstra fan Hearrenfean wol de ploech út Tilburg Peeters net ferkeapje. Hearrenfean sjocht noch wol fierder nei in oare ferdigener.

Ynteresse út Turkije en Italië

Caner Cavlan stiet yn de belangstelling fan de Turkse ploech Adanaspor en twa Nederlânske klups. Dat seit de saakwaarnimmer fan Cavlan. Hearrenfean wol der neat oer kwyt, mar neffens de saakwaarnimmer wol Hearrenfean Cavlan net ferhiere.

Neffens guon Turkske media hat Trabzonspor ynteresse yn Luciano Slagveer, mar neffens Hearrenfean en de fuotballer spilet der neat.

It Italiaanske Sassuolo hat belangstelling foar Sam Larsson, mar op dit stuit spilet der neat. De transferdeadline slút op 31 augustus om 23:59 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)