Boeren meie twa wiken langer jarje

30 aug 2016 - 15:46

Boeren dy't grienbedongers of winterkoalsied siedzje, krije twa wiken ekstra om te jarjen. Steatssekretaris Van Dam jout dêr tastimming foar fanwegen it ûnbestindige waar fan de lêste moannen. Dong útride mei gewoanwei allinne tusken febrewaris en augustus.

Troch it waar binne de boeren letter mei it ynheljen fan de risping en dêrtroch komme se ek yn 'e knipe mei it jarjen en it ynsiedzjen fan planten dy't in soad stikstof opnimme en koalsied. Se meie no oant uterlik 15 septimber de dong oer it lân útride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)