"Ambulânses rukke yn Fryslân minder faak om neat út"

30 aug 2016 - 15:13
  • Ambulânses

Ambulânses rukke yn Fryslân folle minder om neat út as yn de rest fan Nederlân. Dat seit RAV Fryslân yn in reaksje op de krityk fan de beropsferiening foar ferpleechkundigen V&VN. Neffens de beropsferiening wurdt der te faak om neat útriden. De beskikberheid fan ambulânses soe sa by echte needgefallen yn gefaar komme.

Yn Fryslân wurdt elke melding nei ôfrin analysearre. Ferpleechkundigen jouwe dan oan oft de ambulânse wol as net terjochte ynset is.

Mei dy ynformaasje wurdt yn de meldkeamer yn Drachten rekken hâlden, sadat sintralisten minder faak in ambulânse om neat op 'en paad stjoere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)