Kaartferkeap foar muzikale komeedzje 'Seks Tips' rint goed

30 aug 2016 - 14:23

Ien jûn fan de muzikale komeedzje 'Seks Tips, wat je van nichten leren kan' wie al binnen in dei útferkocht. De foarstelling is fan 21 oktober ôf te sjen yn Fryslân. ''Ik hie wol ferwachte dat it goed rinne soe, mar sa gau sa goed ferwûnderet my dochs wol wat'', seit akteur Theun Plantinga.

Hy spilet yn it stik in homoseksuele man (Alex) mei wikseljende kontakten, dy't in frou tsjinkomt mei in houlik dat net sa lekker rint. Hy jout har tips om de seks wat spannender te meitsjen. Julia Berendse spilet de frou.

It stik giet net allinnich oer seks, fertelt Plantinga yn De middei fan Fryslân. "It stik hat ek oare ynhâld: it giet oer relaasjes, freonskip en it ferlies fan in freon oan aids. Mar dêromhinne is it foaral in ôfgryslik hilaryske foarstelling.''

Broadway

De foarstelling is ûnder oare ynspirearre op it Ingelske boek 'Sex Tips for Straight Women From a Gay Man.' Dêr is ek al in Broadway-foarstelling fan makke. It idee om it stik ta in muzikale komeedzje te meitsjen komt fan Dick van den Heuvel: hy regissearret it stik en makket it skript.

Hy fûn Plantinga in geskikte akteur foar de rol fan Alex: Plantinga betocht op syn beurt wer dat der wol iten en drinken servearre wurde koe ûnder it stik, sa't no ek bart.

Premjêre

De premjêre fan it stik is op 21 oktober yn kafee 't Dûke-Lûk yn Feanwâlden. Op 27 novimber is de komeedzje dus al útferkocht yn Feanwâlden. It stik is yn oktober en novimber ek noch te sjen op De Lemmer, yn Snits, Dokkum en Wommels: dêrnei wurdt it yn de rest fan Nederlân spile.

De muzikale komedzje kin noch nei sealen ta helle wurde: eigeners dy't dat wolle, kinne kontakt opnimme fia info@homemadeproductions.nl

Trefwurden: 
Seks Tips komeedzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)