Undersyk sylûngelok Harns rint noch; skip noch net frijjûn

De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden © Jaring Rispens
It ûndersyk nei it deadlik ûngelok mei it sjarterskip Amicitia, ferline wike snein, rint noch hieltyd. By it ûngelok kamen trije Dútske toeristen om it libben. De technyske resjerzje ûndersiket it diel fan de mêst dat ôfbruts en de trije slachtoffers rekke. It skip sels is noch hieltyd net frijjûn troch de plysje.
De 51-jierrige skipper út Stiens is frijlitten, mar is noch wol fertochte. By it sylûngelok kamen in 19-jierrige man út Schiffweiler, in 43-jierrige man út Neubrunn en in 48-jierrige man út Mölsheim om.