Opsterlân kriget foarearst gjin AZC

© ANP
Der komt foarearst gjin asylsikerssintrum yn Opsterlân. Dat hat de gemeente tegearre mei opfangorganisaasje it COA besletten. Earder hie it kolleezje oanjûn dat der nei de simmer in beslút komme soe oer de mooglike komst fan in asylsikerssintrum, mei plak foar 300 flechtlingen.
Yn de tuskentiid binne der folle minder flechtlingen dy't asyl oanfreegje yn ús lân, wêrtroch de needsaak fan in opfangplak minder wurden is. Beide partijen hâlde de mooglikheid iepen dat as de sitewaasje feroaret der op 'e nij oer in azc praat wurdt.
De gemeente skriuwt fierder dat se der foar it earste healjier yn slagge is om 36 statushâlders te húsfestjen.