Soad flaters troch nije regels foar deklaraasje fan it PGB

30 aug 2016 - 12:38

Soarchbuorkerijen wrakselje mei de nije strange regels dy't jilde foar de PGB-deklaraasjes. Tiisdei die út in stekproef by de Sociale Verzekeringsbank (SVB) bliken dat de helte fan de deklaraasjes net goed binne. It giet dan om administrative flaters, lykas it ûntbrekken fan in hanteken.

Ek ûndernimmer Marten Hoekstra fan soarchbuorkerij De Buorren yn Blessum wrakselet mei de regels. Hy hat de lêste tiid geregeld meimakke dat deklaraasjes wer weromkamen, omdat de SVB dy ôfkarde.

De nije administrative regels fan de SVB kostje him in soad tiid en enerzjy. "En dy tiid stek ik leaver yn ús kliïnten", seit Hoekstra.

Efkes belje?

De nije regels binne net altiten like dúdlik. Mar efkes belje mei de SVB om wat nei te freegjen, dat kin Hoekstra net. "Alles rint fia de âlden. Sy moatte de rekken yntsjinje dy't wy meitsje. En dan pas krije wy útbetelle."

Mar dat kostet tiid. En as dan bliken docht dat der wat ferkeard is, dan duorret it hiel lang foar Hoekstra dêr wat fan heart. Sa rint er tûzenen euro's mis.

Soargen oer de takomst

Fan oktober ôf sil de SVB noch stranger omgean mei de deklaraasjes. En dat makket dat Hoekstra wol soargen hat oer de takomst.

"Ferline jier hienen we al in soad gedoch mei de SVB. En no binne der wer nije regels en ûndúdlikens. Ik moat noch mar sjen hoe't it komt."

Trefwurden: 
PGB soarchbuorkerij Blessum SVB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)