Opsterlân is tefreden oer oanpassings yn iepenbier ferfier

30 aug 2016 - 12:16
  • Arriva bus

Hoewol't net dúdlik is hoefolle ekstra minsken no gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier, is de gemeente Opsterlân tefreden oer de oanpassings fan de bushaltes yn de gemeente. De ôfrûne jierren is 40 prosint fan de bushaltes yn de gemeente ferhege, sadat minsken yn in rolstoel, âlderein en minsken mei bern goed yn de bus komme kinne.

Neffens de gemeente ha alle doarpen dêr't in streekbus del komt yn alle gefallen twa haltes dêr't minsken yn in rolstoel yn de bus komme kinne. Dêrneist binne de fytsestallingen by guon haltes ferbettere.

Ynvestearrings

De gemeente stuts dêr de ôfrûne jierren mear as 2 ton yn. De provinsje joech dêrneist in subsydzje fan 5200 euro de halte. De gemeente hat om de kosten tocht, troch de oanpassings fan de haltes mei te nimmen yn oare wurksumheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)