Ferwûne troch ree

10 maaie 2012 - 18:06

In automobilist fan It Hearrenfean is woansdeitejûn ferwûne rekke op de A7, doe't er in ree oanried. De man (46) besocht it oerstekkende bist noch te ûntwiken, mar dat slagge net. Hy rûn in seare nekke op en moast foar ûndersyk oerbrocht wurde nei it sikehûs. De ree hat de oanriding net oerlibbe.

De plysje fan Fryslân en Grinslân warskôget de kommende tiid op de A7 rekken te hâlden mei oerstekkende reeën. Dy stekke oer fanwege de joeitiid.

Trefwurden: 
A7 oanriding ree joeitiid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)