Auto en buske botse op de Drachtsterwei: ferwûne en file

30 aug 2016 - 11:27

By in botsing tusken in auto en in buske op de Drachtsterwei by Ljouwert is tiisdeitemoarn de bestjoerder fan de auto ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak botste de auto achterop it buske. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Troch it ûngelok wie de rjochterrydbaan fan de Drachtsterwei yn de rjochting fan Ljouwert ôfsletten. It oare ferkear hie dêr lêst fan. De auto en it buske binne fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)