Begryp, mar ek frustraasje oer staking Arriva

30 aug 2016 - 10:43
  • It sintraal stasjon fan Ljouwert

De ien wie fernuvere, de oar hie der op rekkene. De staking by Arriva tiisdeitemoarn soarge derfoar dat der minder treinen rieden tusken Ljouwert en Grins. En dat wie te fernimmen.

"Ik wist het niet. Ik moet naar Hurdegaryp. Het is nu wachten tot er wel een trein rijdt", fertelt in jonge op it stasjon yn Ljouwert. In reizger dy't fanút Grins kaam, wist it wol. "Mijn trein reed gelukkig wel, ik had van tevoren even gekeken. Het was, mede door de stakingen, wel een stuk rustiger in de trein", fertelt er.

Begryp

It personiel fan Arriva striidt mei de aksjes foar in bettere CAO. Underhannelings hjiroer binne fêstrûn. 

De man út Grins seit wol begryp te hawwen foar de aksje. In oare reizger kin him dêrby oanslute, al wie er net op de hichte fan de aksjes. Hy komt dêrtroch no te let op it wurk. "Dat wordt straks mijn baas even lief aankijken", laket er. "Het is wel zuur, maar ik snap het. Het hoort erbij. Als ik in zo'n situatie zat, zou ik ook staken."

Stom

In famke dat ek op stasjon Ljouwert wachtet, is wat minder begrypfol. "Het is stom dat ik zo lang moet wachten nu." Har freon hie moandei noch wol sein dat der staakt wurde soe. "Maar daar heb ik verder niet meer over nagedacht. Het is heel vervelend."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)