Breuk yn wetterlieding: gjin wetter yn Jorwert en omkriten

© Wouter van der Wal
Jorwert en omkriten sitte tiisdeitemoarn sûnder wetter as gefolch fan in stikkene lieding. De breuk is ûntstien oan de Master Fopmawei. De oarsaak is nei alle gedachten âlderdom fan de lieding.
Troch de breuk hawwe húshâldens hielendal gjin wetter of minder druk op de lieding. Monteurs fan wetterliedingbedriuw Vitens binne dwaande om it lek te reparearjen. De ferwachting is dat de steuring oant it middeisoere duorret