Flater mei nije flier fan sporthal Kealledykje

Sporthal It Kealledykje yn Ljouwert
Sportferienings kinne dizze wike noch net telâne yn de grutte hal fan It Kealledykje yn Ljouwert. De sporthal hat ferline wike in nije flier krigen, mar de coating dêrop is oanbrocht wylst it dêr fierstente hyt en fochtich wie. It gefolch wie dat dy coating net drûge, en dat de hiele flier op 'e nij behannele wurde moast.
Sportklups moatte dizze wike derom útwike nei oare hallen, mar neffens BV Sport is dat sûnder problemen gien. De kosten foar de ekstra coatinglaach binne foar de leveransier.