Motorrider dy't botste yn Lippenhuzen komt út Wolvegea

30 aug 2016 - 10:06

De motorrider dy't moandei ferwûne rekke by in oanriding op De Buorren yn Lippenhuzen, wie in 29-jierrige man út Wolvegea. Hy seach te let dat de auto foar him ôfremme foar in oare auto dy't fan rjochts kaam en foarrang hie.

De motorrider ried achterop de auto en gie ûnderút. Hy is mei meardere ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok motor Lippenhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)