It Hearrenfean wol him mear profilearje as wettersportplak

De Hearresleat op It Hearrenfean is dizze wike omdoopt ta Heerengracht. Dat is dien fanwegen it Heerengracht Konsert dat kommende sneon hâlden wurdt. Mei it evenemint wol It Hearrenfean him mear profilearje as wettersportplak.
It evenemint tsjinoer it Posthús Teater moat in kombinaasje wurde fan muzyk en kultuer yn de kom fan it plak, dêr't minsken mei harren boatsje hinne kinne. It konsert is in inisjatyf fan de Lions Heerenveen 2.0, de lokale hoareka en it Posthús Teater.
In part fan de opbringst giet nei Ateliers Majeur. Dat is dwaande mei in projekt dat minsken mei in ferstanlike beheining mear by kultuer belûkt.