Kollum: "Minder is Mear"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Ynwenners fan Madurodam op fierstente grutte fytsen en tassen op it pakjedrager dêr’t se sels maklik yn passe.
De skoallen binne wer begûn. En alle kearen tink ik, as ik de nije generaasje ‘brugpiepers’ sjoch: it kin net. Alles is te grut foar harren. Se sille ferdwale, los fan ’t anker reitsje, ferplettere wurde ûnder it gewicht fan it middelber en fuortset ûnderwiis. Mar alle kearen falt it ek wer in slach ta.
Wat net sizze wol dat se it maklik krije sil. Want it ûnderwiis hjoed-de-dei is in ferhaal apart. Dat begjint al mei de saneamde ‘voorschoolse opvang’, dêr’t berntsjes fan twa jier al mei rekkenjen, taal en wrâldoriïntaasje yn kontakt brocht wurde moatte. Earder barde soks boartsjenderwize op pjutteboartersplakken (dêrom hieten se ek sa), mar no moatte dêr fêste mominten foar komme, wêrby’t se yn in rûntsje stil sitte moatte om de stof yn harren op te nimmen.
Dat is it begjin fan lange jierren hiele dagen stil sitte en lange jierren húswurk meitsje. It is it begjin ek fan in systeem dat útrint op ‘Competentie Gericht Onderwijs’, op ‘de learaar as coach’ en in leartrajekt dat se sels útstippelje moatte. Se bedarje yn in systeem dêr’t de dosint sa min mooglik kennis yn oerdraacht. En dat sit him net oan dy dosint.
Der wurdt faak mei oergeunst nei it skoalsysteem yn Finlân sjoen. Bern gean dêr pas ferplichte nei skoalle as se sân jier binne, dêrfoar meie se boartsje en beukerje safolle as se wolle. In skoaldei duorret 4 oant 5 lesoeren fan 45 minuten. As de learlingen 16 binne kieze se pas in stúdzjerjochting. Dosinten binne sa goed as autonoom, folgje net in programma mar bepale sels wat se dogge, én hoe. Dat makket it lesjaan ynteressanter en útdaagjender.
Gearfetsjend: Finske bern ha mar 800 lesoeren yn ’t jier, ha sa goed as gjin húswurk en toetsen en de risseltaten binne better. Konklúzje: minder is mear. Better foar de learlingen en better foar de dosinten. Dy lêsten moatte trouwens fan akademysk of universitêr nivo wêze om foar de klasse te stean. Ik begryp de gedachte dêrachter yn ferbân mei it oansjen en imago fan it berop, mar foar my is dat gjin betingst. De bêste dosinten binne net by definysje deselden mei de heechste oplieding.
Ik moat der fuortendaliks oan taheakje dat it Finske systeem wol wankel op de fuotten begjint te stean. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat de risseltaten fan de learlingen dêr stadichoan minder wurde. Dat komt troch de ‘marktwerking’ dy’t ek yn Finlân syn yntrede dien hat: ûnderwiisynstellings moatte no ek winst meitsje. It is dus de baas om de sterke punten út it Finske systeem yn te passen yn dat fan Nederlân.
De boel moat hjir folslein oer de kop. En dat kinne allinne de professionals dwaan dy’t alle dagen foar de klasse stean en witte wêr’t se oer prate; soks yn tsjinstelling ta in stel technokraten út Den Haach. Jou dosinten de romte en de tiid om de needsaaklike feroarings troch te fieren. Yn it belang fan alle ynwenners fan Madurodam mei harren te grutte fytsen en te grutte tassen."