Dieven stelle disel fan bouplak yn Hurdegaryp

30 aug 2016 - 07:55

Dieven hawwe ferline wike taslein op it bouplak yn Hurdegaryp. Se hawwe in grut oantal liters disel stellen út de apparaten en weinen dy't dêr stienen. It bouplak leit flakby it stasjon. Op it stuit wurdt dêr hurd wurke oan de nije rûnwei fan Hurdegaryp.

De dieven hawwe de disel nei alle gedachten yn de nacht fan woansdei op tongersdei stellen. De plysje siket tsjûgen, yn it bysûnder in man dy't om fjouwer oere moarns mei syn auto dêr delriden is.

Trefwurden: 
Hurdegaryp disel stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)