Staking: ferskate treinen tusken Ljouwert en Grins falle út

30 aug 2016 - 06:17

De treinmasinisten fan ferfiersbedriuw Arriva hâlde tiisdeitemoarn cao-aksjes op it stasjon yn Grins. Dat betsjut dat ek reizgers dy't tusken Ljouwert en Grins reizgje, lêst ha fan de aksjes hawwe. Der komme meardere treinritten te ferfallen.

It giet om de treinen fan Grins nei Ljouwert fan 6.21, 6.41, 7.49 , 8.21, 8.41 en 8.49 oere en de treinen fan Ljouwert nei Grins fan 6.51, 7.21, 7.43, 8.51, 9.21 en 9.51 oere. Tusken Hurdegaryp en Ljouwert ride dêrom bussen.

Net alle ritten falle út. Dat hat der mei te krijen dat dizze stakingsaksje in inisjatyf is fan fakbûn VVMC. Net alle masinisten binne dêr by oansletten. Allinnich de leden fan dit fakbûn lizze tiisdeitemoarn it wurk del.

Trefwurden: 
Arriva masinisten VVMC staking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)