Biblioteek Frjentsjer wurdt ferboud

30 aug 2016 - 06:05

De biblioteek yn Frjentsjer wurdt hielendal ferboud. De boeken komme op oare plakken yn it gebou te stean, sadat se makliker te finen binne en útnûgjender útstalt wurde. Dêrneist komt der foar minsken dy't muoite hawwe mei lêzen en skriuwen in spesjale romte om dêr mei oaren oan te wurkjen. Dat is it saneamde 'digitaalhuis', dat yn it libben roppen is troch de oerheid. Om alles te ferbouwen, is de biblioteek twa dagen ticht.

De jongerein tusken de 12 en 15 jier krijt in eigen plak yn 'e hoeke fan 'e biblioteek en foar minsken dy't de boeken leaver gelyk lêze is der in kofjehûs by kommen.

Trefwurden: 
biblioteek Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)