Wilma Mansveld beneamd ta boargemaster Tytsjerksteradiel

29 aug 2016 - 22:38
  • Wilma Mansveld
  • Boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Tystjerksteradiel. Se is dêrmei de opfolger fan Eric ter Keurs dy't op 1 july ôfskied naam hat. De ferwachting is dat Mansveld in healjier waarnimmend boargemaster wêze sil. De eardere steatssiktaris fan ynfrastruktuer en miljeu wennet yn Grins.

Profylskets

De oanstelling fan Mansveld fûn plak by in riedsgearkomste yn it gemeentehûs fan Burgum. Dêryn waard ek praat oer de profylskets fan de boargemaster dy't Mansveld opfolgje sil. Ut in gemeentlike enkête ûnder de befolking die bliken dat de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel belutsen en sichtber wêze moat.

John Jorritsma

Foar kommissaris fan de Kening John Jorritsma wie de oanstelling fan Mansveld in bysûnder momint. It wie syn lêste publike optreden as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Tafalligerwize wennet Jorritsma sels ek yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Hy wurdt boargemaster fan Eindhoven. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)