Kazemattemuseum begroetet 10.000e besiker

29 aug 2016 - 22:29

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân hat dit seizoen syn 10.000e besiker yn 'e blommen setten. It gie om in gesin út Frankryk dat yn Velsen mei fakânsje wie. Omdat harren soan op skoalle les krijt oer de skiednis fan de oarloch like harren in besite oan it Fryske museum in goed idee. Se waarden ôfrûne sneon troch in delegaasje fan it museum opwachte mei kofje, gebak, blommen en kado's.

Fernijing

It Kazemattemuseum is krekt hielendal fernijd, de nije eksposysje is folle ynteraktiver as earst. Mar der binne ek noch altyd entûsjaste frijwilligers dy't rûnliedingen jouwe. It museum ferwachtet foar 1 novimber de 15.000e besiker te ûntfangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)