Iten fuortsmite? Reitse makket leaver hutspotloempia's!

29 aug 2016 - 20:40

Topkok Reitse Spanninga fan De Jouwer skrikt derfan dat der yn Nederlân alle jierren goed twa miljard kilo oan iten fuortsmiten wurdt. Dat is gemiddeld 135 kilo per persoan. "Net te leauwen. Guon minsken krije neat, en wy smite hjir sa'n soad fuort."

In protte minsken smite it iten fuort as it oer de datum is. Mar dat is net altyd nedich, seit Reitse. "Pake Reitse sei altyd: 'moast mar sa rekkenje, as it net mear te iten is, is it bedoarn.' En dat is ek sa. Yochert is foar in bepaalde datum fris, en lekker, mar as it oer in bepaalde datum is, dan wurdt it wat soerder. Mar dan is it noch net bedoarn. Dan moatst der even wat swiets trochhinne dwaan. En tsiis dêr't wat skimmel op sit... Tsiis skimmelet samar. Snij it der ôf, dan kinst it gewoan ite. Dêr mankearret hielendal neat oan."

Minsken sjogge itenfergriemerij net as in grut probleem, seit Toine Timmermans fan de Wageningen Universiteit tsjin de NOS. "Het gaat om een mentaliteits- en gedragsverandering en dat is het ingewikkeldste deel van het probleem." Reitse hat fjouwer tips foar minsken dy't dochs graach minder iten fuortsmite wolle.

1. Meitsje in boadskipbryfke

"It each is grutter as de mage. Ik meitsje sels ek faak de fout. Je moatte gewoan in boadskipbryfke ha. Wat ha ik noch yn 'e hûs, en wat moat ik noch ha. En dat hellest op. Net tefolle keapje. Dan besparje je ek noch in soad."

2. Goed dosearje

"Je moatte goed ôfmjitte wat je ite. Mei rys bygelyks ha je oan ien kofjekopke per persoan genôch. En dan net in cappuchinokop, want dy is dan wer folle grutter. Mar as it wetter opstiet en dan smite je de rys deryn, en dan tinke je gau: 'O blinder, dat kin hast net genôch wêze', en dan smite je der dochs wer wat mear by. Mar je hâlde altyd oer."

3. De friezer is dyn freon

"Bygelyks mei pastasaus. As ik dat foar twa persoanen siede moat, dan meitsje ik wat mear. Dan komt der wat mear folume yn, dan is it wat lekkerder. Dan hâlde je dus wat oer. Even yn in bakje, de helte yn de friezer en de oare kear helje je dat der út, en dan ha je ek wer genôch. Dêr wurdt it neat minder fan."

4. Wês kreatyf

"Fan bôle kinne je toast meitsje. In bytsje oliifoalje derop, en dan yn de oven. Dan wurdt it moai goudbrún. Dan snijst dat yn blokjes, en dan hast toastjes. En as ik in stamppotsje ha, hutspot of sa, en dêr is wat fan oer, dan ha ik wat fan dy loempia-feltsjes, dêr meitsje ik dan hiele lytse loempia's fan, dy fries ik dan yn, dan ha ik noch in leuk snackje, in lyts loempiaatsje mei hutspot der yn. Hartstikke lekker! Mar je moatte der wol wat aardichheid yn ha fansels.."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)