SC Hearrenfean-doelman Sietsma wurdt ferhierd oan FC Emmen

Keeper Wieger Sietsma © AWfoto.nl
Wieger Sietsma wurdt foar in de rest fan it seizoen ferhierd oan FC Emmen. De tredde keeper fan SC Hearrenfean, efter Erwin Mulder en Wouter van der Steen, komt net oan spyljen ta. Hy mei no by FC Emmen besykje mear minuten te krijen. Hy giet dêr de striid oan mei âld Cambuur-keeper Dennis Telgenkamp.
Sietsma kaam ferline jier oer fan FC Grins en hat noch in kontrakt foar twa jier.