Nije studinten fine maklik in keamer yn Ljouwert

29 aug 2016 - 18:32

"Binnen in dei hie ik al in keamer". It is ien fan de antwurden dy't in studint joech op de fraach oft it dreech is om in keamer te finen yn Ljouwert. No hie dizze studint mooglik wat gelok, mar Ljouwert stiet net bekend as in stêd dêr't it dreech is om in keamer te hieren.

Op dit stuit fynt de yntroduksjewike Leip! plak yn Ljouwert en dat betsjut dat de stêd folstreamt mei in nije lichting studinten. Op it Wilhelminaplein wie in 'Meet and Greet' organisearre, sadat nije studinten de stêd kennen leare.

Thús wenje

Lang net alle studinten gean op keamers. In protte studinten bliuwe by harren âlden wenjen en sille mei it iepenbier ferfier nei harren skoalle ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)