FIDEO: Nije útkyktoer Appelskea is hast klear

29 aug 2016 - 17:42
  • De útkyktoer yn Appelskea

It heechste punt fan de nije útkyktoer op de Bosberg yn Appelskea is berikt. Hy stiet op in stodún fan 27 meter. Yn dat dún stiet in 400 jier âlde ikebeam, dy't dus ûnderstood is mei sân. Ut ûndersyk docht bliken dat it mooglik de iennichste iik yn Europa is dy't oerlibbet yn sa'n heech stodún. En dus moast der by de bou fan de nije útkyktoer foarsichtich wurke wurde en dat soarge foar fertraging. Mar no foarmet de iik in ekstra attraksje. 

14 oktober moat de 35 meter hege toer klear wêze foar it publyk.

 

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)