Fryske muzikanten sjonge foar duorsumens

29 aug 2016 - 17:16

'Jou it troch.' Under dat motto sette Fryske muzikanten harren yn foar duorsumens. Syb van der Ploeg en Piter Wilkens binne de kapteins fan de nije muzikale miljeustichting en se makken tegearre foar de gelegenheid in liet. It liet hat deselde namme as de stichting: Jou it troch.

"Ik fyn dat wy allegearre ús bydrage dwaan moatte foar it miljeu", seit Syb van der Ploeg. "Myn wurk is muzyk en skriuwen, dus sa set ik my yn foar duorsumens."

Ek Piter Wilkens set him mei leafde yn foar de nije stichting. "Wy binne jonges fan it plattelân, de Fryske natuer, dat giet ús oan it hert."

Muzyktoer

It earste evenemint fan de stichting stiet al op de aginda, de Grien 10 Muzyk Toer. Op 9 oktober sille 10 muzikanten by duorsume hoarekagelegenheden del om op te treden, akoestysk fansels. Under oaren Gurbe Douwstra, Elske de Wall, Iris Kroes, Marcel Smit, Anneke Douma, Wiebe Kaspers, Jelmer van der Wal en Jelle B. trede dy dei op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)