FrieslandCampina ferheget molkpriis

29 aug 2016 - 16:29

Suvelkonsern FrieslandCampina ferheget de priis foar 100 kilo molke mei 1,25 euro, nei 26 euro en 25 sinten. De priis kin omheech, omdat ôfnimmers wer mear betelje foar alle basissuvelprodukten, foaral foar bûter en tsiis. Dat komt trochdat der op it heden minder molke produsearre wurdt yn de Europeeske Uny en de fraach gelyk bliuwt.

Earder ferhegen de bûtenlânske suvelbedriuwen Arla en Fonterra harren prizen ek al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)