De minút fan de wierheid foar Tristan Bangma

02 sep 2016 - 06:55

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Eltse dei stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.

In multytalint kinne je Tristan Bangma fan Donkerbroek wol neame. Yn 2012 die Tristan mei oan in paralympyske seleksjedei. Dêrnei koe er kieze út fjouwer sporten. Uteinlik foel de kar op it baanhurdfytsen. No, fjouwer jier letter, docht Tristan al mei oan de Paralympyske Spelen.

Teun Mulder

Dat docht er net allinne. Om’t Tristan syn sicht noch mar 1% is, rydt er op in tandem. Syn piloat, dejinge dy’t foarop sit en ûnder oaren stjoert, is Teun Mulder. Dat is bepaald net de minste. Mulder waard trije kear wrâldkampioen yn syn karriêre as baanhurdfytser. Tristan fynt it moai dat er mei him gearwurkje kin. “Het is super speciaal. Hij heeft heel veel bereikt in zijn sportcarrière. Nu gaat hij daar in Rio samen met mij hopelijk nog wat moois aan vastplakken. Dat zou super zijn!”

Ek foar syn eigen ûntwikkeling is it neffens Tristan goed dat Mulder syn piloat is. De 18-jierrige baanhurdfytser út Donkerbroek leart in hiel soad fan syn fytsmaat. “Vooral hoe ik met spanning moet omgaan. Door Teun heb ik geleerd rustiger te blijven.” Dat kinne beiden yn Rio de Janeiro ek goed brûke op de ûnderdielen wêroan’t se meidogge. It fytsduo komt nammentlik net allinne út op ‘e baan.

Medaljekânsen

Tristan sil ek op de dyk twa wedstriden ride: in tiidrit en in gewoane wedstriid. Dochs is de wedstriid op de baan it wichtichst. Dêr binne de medaljekânsen nammentlik it grutst. Mei trije twadde plakken op it wrâldkampioenskip, is it logysk dat in medalje it haaddoel is op de Paralympyske Spelen. Neffens Tristan is dat ek helber: “Het is reëel dat we een medaille pakken. Welke dat is, maakt niet uit. Maar we gaan natuurlijk voor goud!”

It ûnderdiel dat yn Rio de Janeiro op de baan ferriden wurdt, is in tiidrit fan 1 kilometer. “Het is best bizar als je erover nadenkt. Je werkt jaren toe naar die ene minuut. Daarin moet alles kloppen, daarvoor gaan we erheen.” Tristan is net de iennige Fryske hurdfytser dy’t nei Rio tagiet. Ek Alyda Norbruis fan Oerterp sil dêr yn aksje komme. Dat sil in fertroud gefoel jaan. Yn Alkmaar, dêr’t se traine, wenje se mei syn beiden en noch in oar fan de paralympyske ploech. Ek de coach fan it team, Eelke van der Wal fan Holwert, komt út Fryslân.

Tristan Bangma rydt mei Teun Mulder op 11 septimber harren earste wedstriid. Dy is middeis, Nederlânske tiid, op de baan. Op 14 septimber komme se yn aksje op de tiidrit op de dyk. De lêste wedstriid is dy op ‘e dyk op 17 septimber. De lêste twa wedstriden binne yn de Nederlânske tiid fan 18.00 oere ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)