Diner-yn-it-wyt foar nije hotelskoallestudinten

29 aug 2016 - 15:29

De nije studinten fan de hotelskoalle yn Ljouwert krije tiisdeitejûn in diner yn de iepen loft foarset. Se kinne in trije-gongen-iterij ferwachtsje op in gersfjild njonken it Rengerspark yn de stêd. It is de bedoeling dat de 700 iters allegearre hielendal yn it wyt ferskine.

It diner-yn-it-wyt is ôfsjoen fan in Frânsk inisjatyf wêrby't je yn wite klean picknicke op in lokaasje dy't oan de ein ta geheim bliuwt. It diner foar de nije studinten wurdt organisearre troch de Stenden Hegeskoalle en it 3JO Campus Café.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)