Folle minder klachten oer Psy-Fi as yn oare jierren

De gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel binne tefreden oer it ferrin fan it Psy-Fi festival yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert. Neffens de gemeenten binne der mei 68 meldingen folle minder klachten binnen kaam as yn foargeande jierren.
Fierwei de measte meldingen giene wol oer it lûd. Neffens de gemeenten hat de organisaasje him goed hâlden oan de tiden dat it stil wêze moast en wie it nivo fan it lûd goed ôfstimd, sadat der gjin hege pieken yn it lûdsnivo wiene.
Poadia
De organisaasje hat him dêrneist goed hâlden oan ôfspraken oer it parkearjen. Sa waarden foutparkearders direkt fuortsleept.
Yn it foar wie der in soad opskuor oer de poadia, dy't ferkeard pleatst wiene. Yn de praktyk hat dat net in soad klachten opsmiten.