Learlingen Lauwers College krije les oer smoargens

ôffal © ANP
Learlingen fan it Lauwers College yn Kollum krije tiisdei les fan in wethâlder fan de gemeente oer smoargens. Wethâlder Boerema jout in pear lessen yn it ramt fan in projekt oer swalkôffal. De bern krije letter ek noch útlis oer de weinen dy't de gemeente Kollumerlân brûkt by it ynsammeljen en opromjen fan ôffal.
It projekt wurdt ôfsletten op de Keep it Clean Day, op 16 septimber. De learlingen krije dan opdrachten wêrby't se mear each krije foar it probleem fan swalkôffal.
Yn it projekt wurket it Lauwers College gear mei de gemeente Kollumerlân en yngenieurs- en advysburo Antea Group.